Klik hjir foar Nederlands
Kaartferkeap set 'voortvarend' útein
Ofrûne snein gie de foarferkeap fan start. Yn in pear dagen tiid binne rom 100 reservearrings binnen kommen. Dêr binne wy fansels hartstikkene bliid mei (wy ha plak foar 170 besikers de foarstelling). Komsto/jo ek? Reservearje dan fuortendaliks even. Dan bist wis fan in stoel! Sykje by 'spyldata en tiden' in foarstelling út en reservearje fia 'kaarten bestelle'.
Iepenloftwaar by de repetysjes
As it no ein juny ek ris sok waar is!
Foto's 19 maaie 2012.
Foto's 19 maaie 2012.
Kaarten reservearje?
Dat kin hiel maklik fia dizze website. Fan moandei 21 maaie binne wy ek telefoanysk berikber, jûns tuksen 18.30-20.00 oere (moandeis o/m freeds). Sjoch by 'kaarten bestelle' foar alle ynfo.
Earste bûtenrepetysjes noch wat 'ûnwennich'
Foto's 14 april 2012.
Dekôrbou giet dat it slydjaget!
Foto's 7 april 2012.
Wy sykje Kostúmmakkers (m/f)
De Iepenloftspulkommisje is noch op syk nei commissie is noch op syk nei kostúmmakkers (m/f). Wa kin goed mei nulle, tried en naaimasine oerwei en hat sin om op dy wize in bydrage te leverjen oan it iepenloftspul? Lit dyn reaksje efter fia it gasteboek, dan nimme wy sa gau as mooglik kontakt mei dy op.
10 maart 2012: de bouploech is los!
Draach de tún in waarm hert ta!
En wurdt donateur! Dat kin al foar € 6,00 jiers. Dyn bydrage kinst oermeitsje op rekkennr. 50.43.120 t.n.f. Stichting Doarpstún Snakkerburen û.f.f. 'donateur 2012'. Bist in nije donateur? Set dan ek dyn emailadres der even by of stjoer in mailtsje nei info@dedoarpstun.nl of sjoch op www.doarpstun.nl foar mear ynformaasje.
Fryske oersetting klear
De Fryske oersetting - makke troch Aafje Stolte - is klear. En de titel is ..... Falskspilers! Underwilens is útein setten mei de earste repetysjes.
Stik foar 2012 bekend
Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet dizze simmer A chorus of disapproval (Ons kent ons) fan de Ingelske komedyskriuwer Alan Ayckbourn. De Fryske titel hawwe wy noch net want it stik moat noch oersetten wurde. In Fryske premjêre!
It Kersehôf nominearre foar Gurbe foar bêste foarmjouwing!
Ut it sjueryrapport:
'Yn de discipline foarmjowing is ek nomineard It Kersehof fan Snakkerbuorren, mei in yn alle opsichten artistike oanpak yn idee, kleur, oanklaaing, ljocht en smaak. In genot foar it each.'
It folsleine sjueryrapport is te lêzen op: http://goudengurbe.blogspot.com/.
'Yn de discipline foarmjowing is ek nomineard It Kersehof fan Snakkerbuorren, mei in yn alle opsichten artistike oanpak yn idee, kleur, oanklaaing, ljocht en smaak. In genot foar it each.'
It folsleine sjueryrapport is te lêzen op: http://goudengurbe.blogspot.com/.
Gouden Gurbes 2011
Op sneon 8 oktober 2011 wurde de Gouden Gurbes útrikt yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert: http://goudengurbe.blogspot.com/.
Noch even werom sjen
Op de webside fan de tún steane leuke foto's fan de foarstelling! Klik hjir.
De groetnis fan Daasjenka
Oan alle moaie dingen komt in ein. En om dan mar mei ien fan de personaazjes út It Kersehôf te sprekken: 'it is net oars...'. Sân foarstellings hienen wy en sân kear wienen wy útferkocht. Super! Foar dyjingen dy't west hawwe te sjen: geweldich bedankt foar jim komst! Foar dyjingen dy't net west hawwe: takom jier binne wy fan doel om wer in iepenloftspul te meitsjen. Nieuwe ronde, nieuwe kansen. Wat en hoe? Dêr oer letter mear. No geane wy op fakânsje. En o ja, de groetnis fan Daasjenka!
Gasteboek
Nei de foarstelling west? Wat fûnst der fan? Lit it ús en oaren witte fia ús gasteboek!
Alle foarstellings útferkocht
Ek de matinee-foarstelling op snein 10 july is útferkocht. Sân kear in útferkocht hûs! Takom jier binne wy der wer ...!
Allinne noch kaarten foar foarstelling snein 10 july!
Ek de foarstellings foar freed 8 july en sneon 9 july binne ûnderwilens útferkocht. In plakje freegje op de wachtlist mei fansels altyd mar foar de matinee-foarstelling op snein 10 july binne noch in tal kaarten te krijen.
Foarstellings tiisdei 5 july en tongersdei 7 july útferkocht
Der binne op dit stuit allinne noch kaarten beskikber foar de foarstellings op freed 8 july, sneon 9 july en snein 10 july (matinee). Kinst net op dy dagen? Freegje dan om in plakje op de wachtlist.
Wês der by!
Foar de foarstellings fan tiisdei 5 juny en tongersdei 7 juny binne noch in beheind tal kaarten beskikber. Wolst der noch by wêze? Belje: 06 - 509 750 12.
Gasteboek
Nei de foarstelling west? Wat fûnst der fan? Lit it ús en oaren witte fia ús gasteboek!
Foarstelling sneon 2 july ek útferkocht
Foar de foarstelling op sneon 2 july binne no ek alle kaarten fersein. Wolst by ien fan de oare foarstellings wêze? Reservearje dan sa gau as mooglik. Sjoch 'kaarten bestelle'.
Premjêre útferkocht
Woansdei 29 juny: de premjêre op freed 1 july is útferkocht. Foar de oare foarstellings kinst noch plakken reservearje wêrby't foar de foarstelling op sneon 2 july it tal beskikbere kaarten op dit stuit ek beheind is.
Helte fan de kaarten ûnderwilens ferkocht
Noch in wike foar de premjêre en fan it totale tal kaarten is ûnderwilens de helte ferkocht/reservearre. Wolst by de premjêre wêze? Belje dyn reservearring dan sa gau as mooglik troch want dêr binne noch in beheind tal plakken foar beskikber!
Waar gaat 't eigenlijk over?
De trailer - in koart promoasjefilmke - is klear. Besjoch 'm fia de foljgende link: http://www.youtube.com/watch?v=RaV06NLq6dw. Leuk? Stjoer 'm troch!
Lit in reaksje efter yn ús gasteboek
Hast ús wat te melden of wolst wat oan ús kwyt? Lit in reaksje efter yn ús gasteboek.
Iepenloftspul Snakkerbuorren op Omrop Fryslân TV
By de repetysje fan moandei 6 juny binne opnamen makke troch Omrop Fryslân. Op woansdei 15 juny wie it allegear te sjen yn de K-rûte:
http://youtu.be/VDbLY-Sstfo
http://youtu.be/VDbLY-Sstfo
|
Reservearje no kaarten!
De foarferkeap is mei faasje útein set! Wês der by en reservearje jo/dyn kaarten op 'e tiid fia it reservearringsnûmer 06-50975012. Problemen mei reservearjen? Mail ús fia it gasteboek.
Kom ris lâns op de túnDizze lekkere farske ierdbeien bygelyks, binne dêr no te keap. Mar ek lekkere farske slaad of simmerwoarteltsjes út 'e kas ...
www.doarpstun.nl |
Nijbou op Snakkerbuorren?
28 maaie 2011. It ûnderkommen yn de kersehôf fan de Russyske famylje Andréjewna kriget foarm. Sjoch foar de lêste foto's fan it dekôrbouwen en de repetysjes by Foto's en trailer.
Foarferkeap set 15 maaie útein!
Wês der by! Fan 15 maaie ôf kinne jo kaarten reservearje. Sjoch foar mear ynfo by 'spyldata en tiden' en 'kaarten bestelle'.
Nije foto's repetysje 14 maaie
Ek benijd? Klik hjir, of gean nei de foto's fia de knop 'Foto's en trailer' hjir links yn it menu.
De earste kear bûten ...
Moandei 25 april 2011, twadde peaskedei. It poadium is noch net klear mar it moaie waar lûkt ús nei bûten. Midden tusken de bloeiende fruitbeammen op de tún, hâlde we in trochloop fan it earste en twadde bedriuw. Noch wol wat ûnwennich al dy romte ...
Wy sykje trouwens noch in pear sponsors foar NANNY (sjoch berjocht d.d. 13 april 2011 hjirûnder)!
Wy sykje trouwens noch in pear sponsors foar NANNY (sjoch berjocht d.d. 13 april 2011 hjirûnder)!
Sponsors socht foar NANNY!
13 april 2011. Wat is in kersehôf sûnder kersebeam? Spesjaal foar it Iepenloftspul hat de tún in kersebeam oankocht. Se hjit fan NANNY, en is fan in âld Dútsk ras. De beam krijt in prominint plak yn it dekôr fan it Iepenloftspul. Drage jo de tún én it Iepenloftspul in waarm hert ta? Sponsorje NANNY! Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Theo van der Molen fia theowil4@planet.nl.
Us kersehôf: hjir sil it heve
19 maart 2011
Spylje wy dit jier op it fjild of dochs yn ús smûke teaterke? Fannewike is de kar makke: it wurdt it teater mar dan wol wer hiel oars as foargeande jierren. Sa sjocht it der no noch út ... De bouploech komt takom freed byelkoar foar it figuerlik slaan fan de earste peal. Ek binne de tribunes ûnderwilens definityf besteld. Troch wer in hiel nije opset en foarm fan it dekôr, hawwe wy dit jier 140 sitplakken. Mar, wy bliuwe it lytste iepenloftspul fan Fryslân!
Spylje wy dit jier op it fjild of dochs yn ús smûke teaterke? Fannewike is de kar makke: it wurdt it teater mar dan wol wer hiel oars as foargeande jierren. Sa sjocht it der no noch út ... De bouploech komt takom freed byelkoar foar it figuerlik slaan fan de earste peal. Ek binne de tribunes ûnderwilens definityf besteld. Troch wer in hiel nije opset en foarm fan it dekôr, hawwe wy dit jier 140 sitplakken. Mar, wy bliuwe it lytste iepenloftspul fan Fryslân!
18 desimber 2010
Hans Brans hat ús bypraten oer Tsjechov, it lân en de tiid wêryn't hy libbe en fansels syn (toaniel)wurk. 'Tsjechow was mild, maar ook onverbiddelijk in zijn waarneming van mensen. Hij zag de tragiek in het leven, maar hij wilde er wel om kunnen blijven glimlachen.'
Hans Brans hat ús bypraten oer Tsjechov, it lân en de tiid wêryn't hy libbe en fansels syn (toaniel)wurk. 'Tsjechow was mild, maar ook onverbiddelijk in zijn waarneming van mensen. Hij zag de tragiek in het leven, maar hij wilde er wel om kunnen blijven glimlachen.'


