Klik hjir foar Nederlands
Friesch Dagblad, moandei 30 juny 2008
Snakkerbuorrer ‘Lok’ smakket nei mear
Ruurd Walinga
Snakkerbuorren stiet sûnt ôfrûne wykein ek op de kaart fan iepenloftspullen yn Fryslân. Yn it doarpke dat flak tsjin de Dokkumer Ie oan leit, tusken Lekkum en de Ljouwerter Vrijheidswijk, waard trije kear it iepenloftspul Lok opfierd. De premiêre freedtejûn wie leaflik en soms oandwaanlik.
It iepenloftspul yn Snakkerbuorren is net te fergelykjen mei de oare iepenloftspullen yn ’e provinsje. Dat komt benammen om’t it sa lyts is. De lokaasje is de doarpstún, wêr’t ea in kwekerij stien hat en de doarpsbewenners no in griente- en blommentún ûnderhâlde. Hiel moai yn ’e smoute fan ’e beammen is in teaterke makke dêr’t amper 150 besikers terjochte kinne. Yndrukwekkende dekôrs sa as by oare iepenloftspullen binne der net. It doarpskoar Hawar ûnder lieding fan Jildou Talman, stiet ûnder in goedkeape, wite partytinte te sjongen. Dat dogge se net altyd even gelyk, mar wol aardich suver, mei ynmoed en knap út ’e holle. De measte ferskes binne wat melancholysk.
It stik duorret mar in goed oere, sûnder skoft. Alle oare spullen duorje minstens twa kear sa lang. In echt stik is Lok trouwens net. It binne ferskate ymprovisaasjes oer it tema lok. Lok yn ’e leafde, freonskip, famyljes, it lytse persoanlike lok. It docht soms wat oan teatersport tinken. Ferskate spilers fertelle yn it Frysk of Hollânsk wat neffens har lok is.
In pake fertelt oer syn knikkerts. De knikkerts dy’t as bern sammele, jout er no troch oan syn pakesizzers. Oft dat net lok is! Of in mem fertelt oer in skilderij fan har soan fan fyftjin. Se wurdt lokkich as se sjocht wat er wol net kin. Ferskeidene kearen komt in man yn byld dy’t hiel optein ropt: ,,Lok is in potsje bier oan de Dokkumer Ie’’. In pear kear komt deselde sêne (Ik hâld fan dy) foarby, spile troch oare spilers.
It is hiel aardich hoe’t de ynwenners fan Snakkerbuorren, jong en âld, mei elkoar dit iepenloftspul betocht ha. Ferskate moaie prakkesaasjes jouwe se mei oer wat lok is. It is mear as de ôfwêzichheid fan ûngelok. It sit him faak yn lytse dingen. It is soms ek lekker gek dwaan kinne mei elkoar, want sokke, absurde sênes komme ek foar. Spitich wie it dat it lûd by guon spilers sa no en dan wei foel. Foar in earste kear kin Lok yn Snakkerbuorren hiel slagge neamd wurde. It smakket nei mear; dizze bysûndere wenmienskip oan de Ie is seker ta mear by steat.
Iepenloftspul: ‘Lok’
Regy: Grytha Visser en Luuk Eisema
Plak: Doarpstún, Snakkerburen
Belangstelling: útferkocht
Gouden Gurbes 2008: Lok krijt de oanmoedigings Gurbe!
Tjerk Voigt en Ytsje Noordenbos nimme de GOUDEN GURBE, oanmoedigingspriis fan de LC, yn ûntfangst yn de foyer fan stedsskouboarch de Harmonie.
De flyer
In part fan de 'cast'
Op de trep yn de Harmonie nei ûntfangst fan de GOUDEN GURBE.
Sêne út Lok
Mei Tjerk Voigt
Sêne út Lok
Mei Dick Gardenier en Theo van der Molen
Ut doarpskrant De Kobbeflecht, jiergong 38 nr. 1, septimber 2008
lepenloftspuI Snakkerbuorren
It earste iepenloftspul yn Snakkerbuorren is achter de rêch. Tríje útferkochte foarstellingen mei droech waar, it koe net better. lt is prachtich om te sjen wat yn koarte tiid 0ntstean kin troch de ynset fan al dy ynwenners fan ús doarpen. Ynset op alle mooglike manieren, fan it spyljen en sjongen oant it oanfreegjen fan subsydsjes, de catering etc. En net te ferjitten de prachtige lokaasje dêr't it him allegear ôfspile, de doarpstún yn Snakkerbuorren. Foar de doarpstún in moaie gelegenheid om himsels te presentearjen oan in grutter publyk.It iepenloftspul krijt in ferfolch, mar op watfoar manier en yn watfoar foarm sille we ús yn septimber oer beriede. Wat no ûntstien is, is net allinich ln herinnering , mar tagelyk de berte fan
in tradysje.
Jimme wurde op 'e hichte holden,
Ytsje Noordenbos
Wurkgroep lepenloftspul
