Klik hjir foar Nederlands
PERSBERICHT
Snakkerbuorren, 28 mei 2010
Iepenloft Snakkerbuorren
Speelt Klassieker Begearte
Het Iepenloftspul Snakkerbuorren speelt dit jaar de wereldberoemde moderne toneelklassieker ‘Tramlijn Begeerte’ van Tennessee Williams. Het theaterdrama wordt voor de eerste maal in de open lucht opgevoerd en gaat komende woensdag 2 juni in première. De locatie is met een capaciteit van 100 toeschouwers het kleinste openluchtheater van Fryslân op de Doarpstún van Snakkerbuorren. Door de groeiende belangstelling is na de eerste twee edities in 2008 en 2009 het aantal voorstellingen dit jaar uitgebreid naar zes.
Tramlijn Begeerte (A streetcar named Desire) is in 1949 door Williams geschreven en geldt als een klassieker in de toneelgeschiedenis. Het stuk draait om de aan lager wal geraakte Blanche Dubois, die onderdak zoekt bij haar zuster Stella. Stella’s man Stanley komt erachter dat Blanche het landgoed van de familie heeft verkwanseld. Het stuk eindigt in een dramatische confrontatie tussen Blanche en Stanley waarin één van de twee het onderspit delft.
,,Begearte is totaal anders dan onze vorige voorstellingen Lok en Camping. Die waren vooral gebaseerd op
persoonlijke improvisaties van spelers, met zowel een komische als een ontroerende inhoud’’, aldus regisseur Luuk Eisema, die ook voor de bewerking tekent.
Het Iepenloftspul Snakkerbuorren won met Lok in 2008 meteen een Gouden Gurbe als aanmoedigingsprijs van de vakjury. ,,Toch gooien we het dit jaar over een hele andere boeg. We willen het publiek blijven verrassen. Daarom is gekozen voor een totaal ander genre en een andere vormgeving.’’
Het decor is gebouwd als een soort catwalk tussen de tribunes op een houten vlonder van acht bij drie meter. Daar spelen de scènes zich af in het appartement van Stanley en Stella te midden van het publiek. De toeschouwer krijgt daardoor de kans bijna in de huid te kruipen van de personages.
Licht speelt een belangrijke rol in Begearte. De voorstelling begint daarom om 21.00 uur in het avondschemer en
eindigt in de duisternis als het publiek de ondergang van één van de hoofdrolspelers meemaakt.
Begearte wordt opgevoerd in de Doarpstún van Snakkerbuorren op 2 (première), 3, 10, 11 en 12 juni. Aanvang:
21.00 uur. Zondag 13 juni is er een middagvoorstelling die om 15.00 uur begint.
Kaartverkoop via www.doarpstun.nl
De bouploech
Repetysjes 'Begearte'
SJUERYRAPPORT DE GOUDEN GURBE 2010
It kulturele libben yn Fryslân bloeit en dêr sil it sûnder mis mei trochgean, ek tsjin de klippen fan in rjochts kabinet op.
Trettjin iepenloftspullen hawwe wy as sjuery (Rieneke de Haan, Joop Wittermans en ik) de ôfrûne moannen sjen meien. It begûn allegear ein april en it gie troch oant ein septimber. Hûnderten en hûnderten minsken hawwe dermei oan de gong west, hiele doarpsmienskippen wiene moannenlang yn it spier om harren publyk wat bysûnders foarsette te kinnen.
En mei sukses, kinne wy fêststelle, want wat je hjir en dêr grútsjen hearden, dat safolle iepenloftspullen elkoar wolris foar de fuotten rinne koene, kaam net út. Sels yn juny, doe’t it optilde fan de foarstellingen, sieten de tribunes oeral fol.
In jier lyn wiene der seis gadingmakkers foar de Gouden Gurbes, diskear dus trettjin. Der wiene sân nijkommelingen by: Bears, de Fochtel, de Tynje, Grou, Jelsum-Koarnjum-Britsum, Ljouwert en Mitselwier. Dat makke it wurk fan de sjuery der net makliker op. Safolle kar en sa’n pear byldsjes. Mar ek al foel de iene foarstelling better yn ’e smaak as de oare, wy hawwe ús wurk mei in soad nocht dien – yn waar en wyn.
Noch wol in tip foar alle iepenloftspullen: de sjuery kin en wol fansels gjin rjochten jilde litte, mar gaadlike plakken reservearje is net ferkeard. Fierwei loftsboppe op ’e tribune of hielendal rjochts tsjin de balustrade oandrukt, hawwe je net it bêste sicht op wat der bean wurdt.
Trettjin iepenloftspullen beoardielje, it is de sjuery fan ’t jier net maklik makke. Mar ien ding stiet as in peal boppe wetter: wat hat Fryslân in soad prachtige lokaasjes om út te pakken mei in iepenloftspul. Uniastate yn Bears, Dekema State yn Jelsum, de bosken by de Fochtel, de Hellingshaven yn Grou, om mar ris in pear nije spylplakken te neamen. Wat in wille, allinne al om derhinne te rinnen, of lykas yn Grou, te farren.
Wy ha in soad moais sjoen de ôfrûne moannen, mar in sjuery dy’t himsels serieus nimt, sit der net allinne om prizen út te dielen. Dy sil hjir en dêr ek krityske nuten kreakje moatte.
Yn Bears bygelyks kaam it each neat tekoart, yn Grou likemin. Prachtige bylden, moaie kostúms, in goed gebrûk fan de spylromte. Mar it aktearjen hat derûnder lijd.
It naturel aktearjen wie wol mear in stroffelstien. Dat is op himsels te begripen, want wy hawwe it hjir oer amateurspilers. Mar foar in regisseur dy’t dêr goed it each yn hat, falt der likegoed noch in soad ear oan te beheljen.
In oare fêststelling: in regisseur dy’t sels it skript skreaun hat, makket it him- of harsels lestich. Yn sa’n gefal kin it net sûnder in goed klankboerd. Immen mei in iepen each foar de sterke en swakke kanten fan it stik en foar de falkûlen yn it paad. Lykas: sitte de ferhaallinen elkoar yn de wei? Lis ik tefolle út en lit ik sadwaande te min oan de ferbylding oer? Begjin ik mysels te werheljen?
Positive ferrassingen wiene der likegoed ek. By de rûs. It stille spul fan it helpke fan frou Mokkema yn ‘Feste, de nar van Unia’ yn Bears, de sprankeljende jonge dochter fan de útfanhuzersfamylje yn ‘Fier fuort’ yn Jelsum, it byinoar skarrele mar funksjonele wytguod-dekor by ‘Welkom in het bos’ yn Ljouwert.
In ferrassing wie der ek yn Snakkerbuorren. Nei de twa ymprovisaasjefoarstellings ‘Lok’ en ‘Camping’ doarden hja it hjir oan en bring in klassiker op ’e planken: ‘A streetcar named Desire’. Al waard it dêrmei mear toaniel yn ’e iepenloft as in iepenloftspul, it resultaat koe besjen lije.
Gouden Gurbe foar de bêste foarmjouwing
Foardat wy no dizze earste Gouden Gurbe útrikke, noch ien opmerking. De sjuery har dermei sitten foar hoefier’t profesjonele help fan ynfloed wêze mei op in iepenloftspul sûnder dat it rekket oan it wêzen fan in amateurfoarstelling. Foar dy fraach kamen wy te stean by it takennen fan de priis foar de bêste foarmjouwing.
Lykas al sein, foelen ‘Feste, de nar van Unia’ yn Bears en ‘De man fan Myra’ yn Grou dêrmei yn positive sin op. Mar by beide stikken wie de rezjy en foarmjouwing yn hannen jûn fan BUOG, it kreative buro fan Pieter Stellingwerf en Kees Botman. By alle wurdearring foar al dy minsken dy’t harren ideeën yn sokke bysûndere bylden omset hawwe mei dekors, farrend en ridend ark en kostumearring, hat de sjuery dochs miend de foarkar jaan te moatten oan echte amateurs.
Sadwaande kaam de sjuery út by in yn mear opsichten bysûndere produksje: in debutant dy’t it oandoart om it publyk in wrâldferneamde musical as ‘Jesus Christ Superstar’ foar te setten. Op mear wizen skoarde dizze foarstelling ûnder rezjy fan Rinze Hof heech. Mar de Gouden Gurbe kriget it Iepenloftspul Tijnje foar it dekor, enoarm yn ôfmjittings mar dochs sober hâlden. It grutte spylflak waard optimaal brûkt en mei flair bespile. Ek dat is in keunst. It joech royaal romte oan goed santich spilers. It hichteferskil en it iepen oansjen hâlden it oersichtlik. De muzikale begelieding wie knap yntegrearre yn it dekor. ‘Jesus Christ Superstar’ moast it hûndertjierrich bestean fan it doarp yn it ljocht sette, mar wy hoopje dat wy gjin hûndert jier hoege te wachtsjen op in nije iepenloftbydrage fan de Tynje.
Gouden Gurbe foar de bêste byrol
Der wiene fan ’t jier frijwat iepenloftspullen sûnder útsprutsen haadrollen. Je kinne wol sizze dat it ensemble geregeldwei de haadrol hie. Tagelyk betsjut dat ek dat wy in enoarme kar hiene oan byrollen.
En der sieten hiele goeien by. Wy tinke bygelyks oan Gerard van der Veer as Mitch yn ‘Begearte’. Hiel naturel spile, soms oandwaanlik mar perfoarst net begrutlik. Ek Atze Lubach as de enerzjike, komyske kok yn ‘Hoe no Robin Hood?’ en yn itselde stik Anja Dijksma as Gryt Lugtigheit dy’t de wyn der goed ûnder hie by har keppel bern. Dizze spilers hiene gaadlike winners fan in Gouden Gurbe wêze kind. Mar ientsje stuts der foar de sjuery noch justjes boppe-út. In jonge akteur noch, mei sa’t it like in oanberne technyk en timing.
Hy boarte mei it publyk, mar bleau him tagelyk goed bewust fan de de spilers om him hinne. In opljeppen mantsje mei in grutte bek en in lyts hertsje, by wa’t je de kwetsberens fielen bliuwden. As je soks oerbringe kinne, hawwe je talint. De Gouden Gurbe foar de bêste byrol is dêrom foar de lieder fan Hup Nederland! yn ‘Hoe no, Robin Hood?’: Folkert Wesseling.
Gouden Gurbe foar de bêste haadrol
Wannear is in haadrol in haadrol? Is dat perfoarst dejinge dy’t de measte tekst hat? Of kinne je mei minder wurden jinsels dochs in haadrol ta-eigenje?
De sjuery hat mei bewûndering sjoen nei de Judas fan Bjorn Sinnema yn ‘Jesus Christ Superstar’. Goed stevich spile en songen. Ek Bianca Wiersma yn ‘De simmer fan ’45’ yn Burgum hie ús yn ’e besnijing. Autentyk en oertsjûgjend yn har emoasjes. In soad wurdearring ek foar de manier wêrop Sjoukje Jager yn ‘Begearte’ yn Snakkerbuorren de ferskuorrend drege rol fan de raffinearre, hystearyske Blanche stal joech.
Hiene wy yn septimber net nochris trije iepenloftspullen te sjen krige, dan hie it in drege kar wurden út de foargeande trije. Mar doe kaam Jorwert mei ‘It feest’, in oangripend famyljedrama, mei ôfwikseljend deadse stiltes en ûngemaklik laitsjen. De emoasjes fan de spilers waarden nochris útfergrutte troch it brûken fan in kamera, dêr’t heit Hylke syn jierdeifeest mei opnimme woe.
De bern fûnen elkoar yn harren úteinlik útsprutsen wjersin tsjin de grouwélige dieden fan harren heit. Mar wat betsjutte dat foar mem Els? Wist se fan it freeslike geheim mar hie se it altyd weistoppe? Soe se har oan diggels fallen libben ea wer opkrije kinne? In soad hoegde Els net te sizzen, mar de skrik, de efkes noch wer oplibjende hope, de fertwiveling en de djippe ellinde dêr’t se úteinlik yn bedarret, it stie allegear yn har eagen, har mimyk en har lichtemstaal te lêzen.
De sjuery wie djip ûnder de yndruk. De Gouden Gurbe foar de bêste haadrol is dêrom foar Wiepkje Castelein.
Ekstra priis
De sjuery hat alle jierren ek de mooglikheid om in ekstra priis ta te kennen. Dêr binne gjin spesjale mjitstêven foar oanlein. Dat jout romte mar tagelyk hâldt it ek in beheining yn. Krekt omdat de priis gjin fêst gegeven is, moat er bysûnder wêze.
Is tweintich jier Berne-Iepenloftspul bysûnder? Jawis, want Easterwierrum kin net fierder bouwe op in ploech spilers dy’t jierrenlang meidocht. Jawis, om’t bliken dien hat dat it in kweekfiver is foar jong talint dat letter faak werom te sjen is yn folwoeksen iepenloftspullen.
Ek fan’t jier wie it wer in feest om yn Easterwierrum te wêzen. Allinne al fanwegen dat formidabele skip fan kaptein Heak, dêr’t de aventoeren fan Peter Pan, Wendy en Tinkerbel har op en omhinne ôfspilen. Mar wat ek alle jierren wer in geniet is om te sjen, is de kostumearring.
It is hast net te leauwen hoefolle kreativiteit Anneke Hogeveen dêr alle kearen wer ynleit. En dat no al tweintich jier. Dêrom fertsjinnet sy neffens de sjuery de ekstra Gouden Gurbe, foar har hiele oeuvre.
Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling
Ja, en wat wie no it bêste stik dat wy as sjuery dit seizoen sjoen hawwe? Eins wie dy fraach it maklikst te beantwurdzjen. Ûnôfhinklik fan elkoar notearren wy: geastich ferhaal, prachtich taalspul, moaie funksjonele foarmjouwing, aardige rezjyfynsten, koar en ferskes perfekt yn it stik opnaam, in hiele trits sterke rollen, om koart te gean in prachtige famyljefoarstelling fan in treflik op elkoar ynspile selskip. In foarbyld fan wat in hechte gearwurking tusken regisseur en tekstskriuwer allegear mooglik makket.
De dik fertsjinne Gouden Gurbe is foar ‘Hoe no Robin Hood?’ fan Iepenlofspul Opsterlân, tekst Bouke Oldenhof, rezjy Wiesje Jansma.







