Iepenloftspul Snakkerbuorren 2012
Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet Falskspilers. In gloednije Fryske ferzje fan it stik A chorus of disapproval fan de Ingelske komedyskriuwer Alan Ayckbourn (yn it Nederlânsk bekend ûnder de titel Ons kent ons).
It stik giet oer in operetteferiening dy’t ‘The beggars opera’ foar it fuotljocht bringe wol. It repetysjeproses ferrint lykwols net sûnder wryt of slyt. Njonken hieltyd werkommende problemen mei de rolbesetting is der sprake fan gekonkel, rabberij en amoereuze kwestjes. Slagget it de ambisjeuze en hjithollige regisseur fan it selskip om de foarstelling op ‘e tiid of te krijen? En wat wol elkenien dochs fan dy nije spiler ...
Foarstellings fan 29 juny o/m 7 july. Graach oant sjen by ús op de tún!
Iepenloftspul Snakkerbuorren - Doarpstún Snakkerbuorren, Oan 'e Dyk 56, Snakkerbuorren (9083 AE), www.doarpstun.nl. Folgje de tún ek op twitter: http://twitter.com/DeDoarpstun