|
Gerard van der Veer - Daauwe Lycklama De hufterige regisseur fan de operetteferiening. Yn it deistich libben advokaat. Daauwe is behoarlik oer-tsjûge fan syn eigen kennen mar blyn foar behoeften fan oaren. In man mei in koart lontsje.Trout mei Hanna. |
Bodes Kroes - Gijs Jansen De sympatike nije sjonger fan de klup. Dizze alles-kenner wurdt troch elken- ien omearme mar dat blykt net alhiel yn syn foardiel út te wurkjen. |
|
Jolanda Haven - Hanna Lycklama De altyd soarchsumme frou fan de regisseur. Sit opsletten yn in net lokkich houlik en fynt yn Gijs har nije, grutte leafde. Of ... |
Sjoukje Jager – Fieke Hulzebos Blond mar net dom. Mannegek en frou fan de pleatselike oannimmer Jan Hulzebos. Docht foaral wat se leuk fynt en goait it graach op in akkoartsje (en dat kinst hiel breed sjen). |
|
Freddie Reijenga - Jan Hulzebos In ambisjeuze kearel mei in kultivearre, kwasy des-ynteresse, makke om jild te meitsjen en froulju te fersieren. Hat in frij houlik mei Fieke mar as it der op oan komt … |
Dick Gardenier - Jarich Huiskes Luth Hat syn foaroansteande posysje net yn it minst te tankjen oan syn ôfkomst. De famylje Huiskes Luth ferstsjinwurdiget it sa-neamde âlde jild. Jarich kin syn ‘pappenheimers’. Hâldt fan grutte gebaren. |
|
Renie Zuiderveld - Rebekka Huiskes Luth Frou fan wethâlder Jarich Huiskes Luth. Is neat net nijsgjirrich en bemuoit har dus graach mei allerhanne saken. Se hat dy deftige ferskining fan ien dy’t krekt in pear buorrels efter de kiezzen hat (wa wit hat se dat ek wol). |
Theo van der Molen - Tabe Walsweer Trout mei Emmy. In soarchlike en wat ûnhan-dige man. De ferlegene kant it neist soenen je soms tinke. Wol it graach elkenien nei’t sin dwaan. |
|
Ytsje Noordenbos - Emmy Walsweer In oprjocht en leaf minske. Hat in soad soargen wêr ûnder net yn it lêste plak soargen oer har puber-dochter Linda. Is har fan gjin kwea bewust. Trout mei Tabe. |
Lisa Romkes - Linda Walsweer De dwerse puber dochter fan Emmy en Tabe. Is foaral dwaande mei de relaasje mei har freontsje Krispijn en it safolle mooglik negearjen fan har heit en mem. Duuuuh! |
|
Judith Ytsma – Berit Bajema De lompe dochter fan de pleatslike kroechbaas en foar de operettefiering net allinne spylster mar ek toanielmaster en ynstek-ster. Berit hat in hekel oan Linda. Se in eahtje op Krispijn, it freontsje fan ... krekt, Linda. |
Dirk van Weerden – Krispijn Ubbens De ienige jongeman yn it selskip. Leit goed by de famkes. Hat altyd nocht oan ûnnocht en is net altyd like taktysk. Hâldt wol fan in fechtpartijtsje. |
|
Jildou Talman - mefrou Eemsing De muzikante fan it selskip. Mefrou Eemsing is net it meast sosjale minske mar set har achter in piano en se libbet. |
Gerdundula Lodewijks – hulpke fan Reinbert, de technikus Reinbert en syn hulpke binne dyjingen dy’t de Bedelaarsopera yn ljocht en lûd ta in juwieltsje meitsje moatte. De gear-wurking mei regisseur Daauwe rint lykwols net altyd like noflik. |