Klik hjir foar Nederlands
Ut doarpskrant De Kobbeflecht fan novimber 2008
lepenloftspuI Snakkerbuorren
Wy sette wer útein mei in nij iepenloftspul yn 2009. 'We could be heroes' fan Rogier Schippers. lt is in stik meÍ in besetting fan 3 minsken en ek it koar Hawar docht mei oan de foarstelling. Yn it lêste wykein fan juny en it earste wykein fan july sil it wer heve yn de doarpstún, krekt foar de simmerfakánsje. Sa as jimme witte sette wy 15 novimber o.s. útein mei in tonielkursus, fersoarge troch Luuk Eiseme en Grytha Visser. Op 31 jannewaris 2009 fynt der in presintaasje plak fan wat wy yn de kursus leard en makke hawwe. Plak en tiid wurde, as it safier is, bekend makke.
Ytsje Noordenbos,
Wurkgroep lepenloftspul

Wolkom bêste minsken, wolkom!
Ik bin frou Obbema, OBBEMA, fan it aksjekommitee ‘11stedefinish yn Snakkerbuorren’. Wy wolle de finish fan de 11stedetocht werom op de Dokkumer Ie! En sis no sels, wa wol dat no net? Wy allegear! En it kin! Wy kinne dat! Mei syn allen! YES WE CAN!
Sa’t jim witte bestiet de 11 stêdeferiening 100 jier. Hjir op Sn’buorren wolle wy dêr ek ús stientsje oan bydrage. En no’t ús doarsptún in priis yn de wacht sleept hat fan mar leafst 5000 euro om de leefberens yn it doarp te fergrutsjen, hawwe wy de koppen gearstutsen en it aksjekommitee ‘11stedefinsh yn Snakkerbuorren’ oprjochte. IT GOES ON! De tiid is der ryp foar! Wy binne der klear foar! Lit mar komme dy 11stedetocht! IT SHALL HAVE! De finish werom op de dokkumer Ie! YES WE CAN!
Ut Blitsaerd wei hawwe wy al lûden krigen dat men dêr graach ôf wol fan al dy drokte yn de eftertún mar wy rêde dêr mei! Wa oars soenen soks better kinne as wy, hjir op Snakkerbuorren! Echte Friezen yn ieren en sinnen! It reedriden bûnzet ús troch de ieren om. Klink dan en daverje: YES, WE CAN!
Ik sil de plannen no even koart út te doeken dwaan. Plattegrûnen en fierdere útwurkings fan de plannen binne fan moarn ôf yn te sjen yn it Praethûs en op www.finishopsnakkerbuorren dot com! YES WE CAN!
Hjir sawat moat de finishlijn komme. Oan de oare kant fan it wetter moatte dêr wat huzen oan ‘e kant. Dêr hawwe wy de tribunes plant, dêr it helikopter landingsplak foar de keninginne. Foar de media komt dêr in terrein foar it perssintrum mei alle mooglike fasiliteiten, straalferbinings, alles der op en der oan.
Fansels sil elkenien syn hûs beskikber stelle moatte. Op alle sliepkeamers skatte wy yn, kinne sa’n 5 à 6 sliepplakken kreearre wurde foar ús iishelden. Ek de húskes binne fansels frij te brûken. Is hjir mooglik in frijwilliger oanwêzich dy’t de koördinaasje fan it wc papier op him nimme wol? YES YOU CAN!
En fansels in wellness sintrum om nei it folbringen fan de barre tocht by komme te kinnen yn sauna’s en hottubs en de spieren wer los meitsje te litten troch de meast renomearre fysioterapeuten.
Oan de ein fan de tocht, oer de finish yn Snakkerbuorren kin de ynwendige minsk fansels fersterke wurde mei sûkelademolke, koeke, waarme woarsten en snert. De nedige yngrediïnten binne fansels fan eigen tún. Want ek dat kenne wy! Jim keukens sille fansels romhertich ynsetten wurde om it feest ta in ûnferjitlik barren te meitsjen. In hichtepunt! Alles en elkenien sette wy yn. Snakkerbuorren, it middelpunt fan Fryslân, nee, Nederlân, de wrâld, it universum!
Finish op Snakkerbuorren, YES WE CAN! FINISH HJIR, YES WE CAN, FINISH HJIR, YES WE CAN ENSFH.