Berjocht foar de besikers fan de foarstelling fan fannejûn, freed 19 juny
Sa't it no liket sil de foarstelling fannejûn gewoan spile wurde. Hâldt der rekken mei dat der in bui komme kin (nim in reinjas of sokssawat mei; parapluus binne op de tribune net tastien). As wy tonger krije, sille we de foarstelling fansels stil lizze en is der foar elkenien mear as genôch romte om binnen te skûljen. Wy hawwe kontakt mei ferskate waarstasjons en hâlde ien en oar de kommende oeren goed yn 'e gaten. Mocht it geandewei dochs net ferantwurde wêze om de foarstelling trochgean te litten, dan litte we dat witte fia ús socials en website. Wy riede jim dêrom oan om dy kanalen nochris te tsjekken foardat jim fan hûs geane. Wy sjogge jim graach by ús op de tún!
