Kaartferkeap Fijân fan it folk hast los

01/04/2026

Kaartferkeap foar iepenloftspul Fijân fan it folk yn Snakkerbuorren set hast útein

It is hast safier: de kaartferkeap foar it nije iepenloftspul fan Snakkerbuorren giet iepen. Yn juny bringt de ploech de yndrukwekkende teaterfoarstelling Fijân fan it folk as grutskalich iepenloftstik op 'e planken.

Yn dit aktuele en skerpe toanielstik folgje wy dokter Stockmann, dy't in ûnwelkomme wierheid ûntdekt en dêrmei de konfrontaasje oangiet mei de macht, de polityk en úteinlik sels syn eigen mienskip. In ferhaal oer moed, yntegriteit, maatskiplike druk en de fraach: wat bart der as de wierheid net útkomme mei?

Mei in entûsjaste spilersploech, in profesjonele technyske stêf en in bysûndere iepenloftlokaasje yn Snakkerbuorren belooft it wer in teaterjûn te wurden dy't bybliuwt en lang neiklinkt.

Kaarten binne hast online te krijen foar Fijân fan it folk yn Snakkerbuorren. Noch efkes geduld!

Share