Fernijde webside
03/04/2026
Sa't kranten om 'e safolle tiid harren foarmjouwing oanpasse oan de easken fan de nije tiid, sa stekke kulturele ynstellingen om deselde reden harren webside sa no en dan yn in nij jaske.
Nei tsien jier waard it ek foar Iepenloftspul Snakkerbuorren tiid it eigen digitale úthingboerd in nij en fris oansjen te jaan. Net al te teatraal – dat is de ôfdieling fan de dekôrûntwerper, de regisseur en de spilers – mar stylfol en oersichtlik. Gjin felle kleuren, mar okergiel en grien-griis in wite eftergûn. Gjin opsichtige foarmen dy't alle kanten útsjitte, mar in rêstige opmaak mei in sintraal plak foar de tekst en de foto's. Mei as doel de besikers fan ús webstek sûnder tiidfergriemen nei it plak te lieden dat se sykje.


