


Iepenloftspul Snakkerbuorren
Wolkom by it iepenloftteater fan Snakkerbuorren.
In plak dêr't ferhalen ta libben komme, midden yn de doarpstún. Kom derby, lit dy meinimme en genietsje.
Iepenloftspul Snakkerbuorren hâldt audysjes!
Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet takom simmer de tragikomyske en filosofyske foarstelling Yn 'e ivichheid. Raymond Muller hat it stik spesjaal foar Snakkerbuorren skreaun op basis fan de Japanske film 'After life' fan regisseur Hirokazu Kore-eda . Earder skreau Raymond foar Snakkerbuorren it bysûndere Nei Man (2022) en it komyske In lyts stikje alles. De regy is kommend jier wer yn hannen fan Brecht Wassenaar.
It
ferhaal
Yn 'e ivichheid spilet him ôf yn in nuversoartich tuskenstasjon
fan it libben en de dea. Minsken dy't ferstoarn binne krije dêr, ûnder
begelieding fan fiif gidsen, in wike de tiid om ien oantinken te kiezen dêr't
se foar ivich yn trochlibje sille. Wylst se weromsjogge op harren libben,
ûntdekke se hoe't leafde en ferlies, mar foaral ek de lytse mominten
betsjutting jûn hawwe oan harren bestean.
Rollen
Der binne gruttere en lytsere rollen te ferdielen ûnder manlju en froulju fan útienrinnende leeftiden.
Audysjes:
mear ynformaasje en oanmelden
De audysjes binne op sneon 28
novimber o.s. Wy wurkje yn twa groepen. In groep moarns fan 10.00-13.00 oere en
in groep middeis fan 14.00-17.00 oere. Lokaasje: Doarpshûs De Weeme, Weme 18 yn
Lekkum.
Om rekken mei te
hâlden
De foarstellingen binne op 23, 25, 26 en 29 juny en 1, 2 en 3 july 2027
(reservedata: 28 en 30 juny en 4, 5 en 6 july). De repetysjes starte yn
jannewaris 2027 en binne op woansdeitejûn en sneontemoarn.
Hasto ynteresse om mei te spyljen? Jou dy dan foar 20 novimber op foar de audysjes fia it mailadres iepenloftspulsnakkerbuorren@gmail.com.
Jou dêrby yn alle gefallen oan: dyn namme, leeftyd, wenplak en telefoannûmer. Nei 20 novimber krigest sa gau as mooglik berjocht fan ús oer it hoe en wat op de dei fan de audysje.
Iepenloftspulkommisje Snakkerbuorren
Oer it stik
2026 | Fijân fan it folk
Regy Grytha Visser
Vijand van het volk (1882) fan Henrik Ibsen is in skerpe, maatskiplike foarstelling oer wierheid en yngewikkelde groepsdruk. It ferhaal folget dokter Thomas Stockmann, dy't ûntdekt dat it genêskrêftige wetter fan syn stêd fersmoarge is. As er dat nei bûten bringe wol, keart de mienskip har tsjin him: jild en imago wurde wichtiger fûn as de wierheid.
It stik lit sjen hoe kwetsber mienskip is as de mearderheid kiest foar gemak ynstee fan yntegriteit, en stelt de fraach wat it kostet om trou te bliuwen oan dyn prinsipes.

Klik hjirûnder om fuortendaliks dyn kaarten te reservearjen foar it iepenloftspul en genietsje fan in ûnferjitlike teaterjûn
Bliuw op 'e hichte
Folgje Iepenloftspul Snakkerbuorren ek op Facebook & Instagram en meld dy oan foar ús nijsbrief foar it lêste nijs oer foarstellingen, kaarten en aktiviteiten. Us nijsbrief ferskynt heechút in pear kear jiers, krekt op de mominten dat der écht wat nijsgjirrich te fertellen is oer it iepenloftspul.
Leuk? Folje dan hjirûnder dyn emailadres yn om de nijsbrief te ûntfangen.

Lêste nijs
Sjoch ek
It iepenloftspul is te gast yn de Doarpstún fan Snakkerbuorren. In mienskiplike, biologyske doarpstún dêr't natuer en minsken byinoar komme, en dêr't romte is foar moeting, kreativiteit en ûntwikkeling.
In sintraal plak dêr't alle Fryske iepenloftspullen byinoar komme. Do fynst dêr in oersjoch fan foarstellingen troch de jierren hinne, mei ynformaasje per doarp, produksje en spylperioade.
Iepenloftspul Snakkerbuorren, in sfearfol iepenloftteater flakby Ljouwert yn Fryslân
Op syk nei in bysûndere teaterûnderfining yn Fryslân? It iepenloftspul fan Snakkerbuorren is in autentike iepenloftfoarstelling dy’t in unike kombinaasje fan sfear, ferhaal en mienskip biedt. Yn de iepen loft, tusken de beammen yn de doarpstún, komme ferhalen ta libben mei sterke spilers, prachtige live-muzyk en in waarme, gastfrije sfear.
Oftsto in echte teaterleafhawwer bist of gewoan op syk nei in bysûndere jûn út yn de omkriten fan Ljouwert, hjir belibbesto in iepenloftfoarstelling dy’tst net gau wer ferjitst. Nim freonen, famylje of kollega’s mei en lit dy ferrasse troch it sfearfolle iepenloftspul fan Snakkerbuorren yn it hert fan Fryslân.





